Sterke start Brandenburg op NK

30 apr 2004 - 00:00

Skaker Daan Brandenburg fan Langsweagen is op Keninginnedei sterk begûn oan it Nederlânsk Kampioenskip Skaken foar Jeugd. Brandenburg (17) wûn sûnder al te folle muoite mei swart syn earste partij fan Jeroen Edeling.

Brandenburg is op it toernoai as twadde pleatst en jildt as ien fan 'e kânshawwers foar de titel. It Nederlânsk Kampioenskip skaken foar de jeugd wurdt ferspile yn Schagen en duorret oant en mei 8 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)