Sterke man fytst Alpe d'Huez

23 maaie 2011 - 15:55
  • Wout Zijlstra

Op 9 juny fytse in protte Friezen de Alpe d'Huez. Foar de KWF, de stichting dy't him ynset foar kankerpasjinten.

Ek sterke man Wout Zijlstra sil de Alpe d'Huez op de fyts beklimme. Hy wol safolle mooglik jild byinoar garje foar it goeie doel. Hy sil net allinnich fytse, mar lit de fyts dêr't er de berch mei betwinge sil ek per opbod ferkeapje. Minsken dy't meibiede wolle kinne har melde by sport@omropfryslan.nl. Ek fytsers fan de Alpe d'Huzes kinne har melde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)