Sterke drank goedkeaper

02 jan 2006 - 10:07

Troch in aksynsferleging fan 18% wurdt sterke drank dit jier ien oant twa euro de liter goedkeaper. It Ryk draait hjirmei in earder nommen beslút werom. Trije jier ferlyn waard de aksyns op drank mei 18% ferhege en dêrtroch sakke de ferkeap bot yn.

It Ryk rint troch de ferleging hiel wat belestingjild mis en de hannel wurdt op kosten jage, sizze de sliters. Sy ferwachtsje net dat de ferkeap fan sterke drank wer tanimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)