Sterke brânlucht yn Drachten

25 des 2010 - 15:20
  • Foto: Marc Stijger

De brânwacht yn Drachten moast op earste krystdei de middeis yn aksje komme yn Drachten. By in bedriuw dat treppen makket oan De Boech waard in sterke brânlucht rûkt. Stedswachten dy't delkamen, hiene dêroer alarm slein.

Mei twa weinen gie de brânwacht derop ôf. Bliken die dat in stikkene klep fan in cv-tsjettel de oarsaak wie. De reek is dêrtroch it bedriuw ynstreamd. De brânwacht koe al gau werom nei de kazerne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)