Sterk begjint keunstfeiling

05 sep 2008 - 08:45
  • Steven Sterk

Der wurdt te min keunst ferkocht yn Fryslân. Dêrom komt boekehanler Steven Sterk mei in nij feilinghûs. Hy wol benammen hjoeddeiske keunst ferkeapje.

Sterk fynt dat der yn it noarden net in soad dien wurdt oan it ferkeapjen fan keunst. De galeryhâlder wol benammen omtinken foar it wurk foar jonge keunsters. Sterk besiket yn novimber foar it earst keunst te feilen. Steven Sterk tinkt dat der wol belangstelling wêze sil foar in nij feilinghûs foar keunst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)