Steringa junioarenbûnscoach judo

06 apr 2005 - 22:36

Judoka Edwin Steringa is beneamd ta bûnscoach foar de junioaren. Steringa komt fan Drachten en hat as judoka sân kear Nederlânsk kampioen by de senioaren west.

Steringa hat earst in kontrakt foar in jier tekene. Hy hat in opsje om oant de Olympyske Spelen troch te gean. Al earder wie er foar it judobûn oan it wurk, doe as talintetrainer yn it Noarden. Hy folget Maarten Arens op, dy't coach fan de senioaren wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)