Sterilisaasje-aksje op Samos

04 apr 2014 - 12:28
  • Swalkhûn op it Grykse eilân Samos
  • It swalkbistesintrum fan Samos
  • dokter Lewin dwaande mei de kastraasje fan in Grykse boarre

Bistedokter Ingrid Lewin en assistinte Diny Doedel út Fryslân sterilisearje op it Grykse eilân Samos hûnderten hûnen en katten. Se dogge dat foar de stifting Animal Care Samos. It doel is om in ein te meitsjen oan it oerskot ferwyldere húsbisten op it eilân. Oant no ta binne der al goed hûndert bisten ûnder it mes gien.

De ferwyldere bisten wurde nei de operaasje wer útset yn it wyld. Nuete hûnen krije in plakje yn it asyl. De sterilisaasje-aksje duorret noch oant en mei 8 april.

It is freed Wrâldswalkbistedei. Op Samos wurdt dat fierd troch safolle mooglik bisten te sterilisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)