Stereo stellen út skoalle Hallum

08 jun 2006 - 15:32

Ut in skoalle oan de Offingawei yn Hallum is yn de nacht nei tongersdei in stereoset stellen. In 50-jierrige meiwurker fan de skoalle hie sjoen dat in ynwenner fan it doarp mei in tas it gebou útgong.

Dêrnei belle de dief oan by in hûs oan de Rûnwei. De plysje hat de man dêr oanhâlden en dêrnei meinommen nei it plysjeburo. De meiwurker fan de skoalle hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)