Stenden:studinten Qatar nei NL

14 mrt 2012 - 11:39

Stenden Hegeskoalle sil studinten oan bûtenlânske festigingen dy't in Nederlânsk diploma wolle tenei foar ien stúdzjejier nei Ljouwert helje. Foarsitter Klaassen fan it kolleezje fan bestjoer fan Stenden seit dat as reaksje op krityk fan de ûnderwiisynspeksje. De hegeskoalle hat neffens de ynspeksje ûnterjochte in Nederlânsk HBO-diploma jûn oan 259 studinten dy't nea yn Nederlân studearre hawwe en dat mei net.

Stenden hat 700 studinten op festigings yn Qatar, Tailân, Súd-Afrika en Bali.

Stenden is net bliid mei de útspraak fan de ûnderwiisynspeksje. De hegeskoalle is neffens Klaassen in pionier op it mêd fan bûtenlânske festigings. Dy festigings hawwe neffens Klaassen deselde kwaliteit as de haadfestiging yn Ljouwert. Klaassen is benaud dat net alle bûtenlânske studinten in stúdzjejier yn Nederlân betelje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)