Stenden wreidet út

20 mrt 2008 - 14:59

De Stenden_Hegeskoalle yn Ljouwert, de eardere CHN, wreidet dit jier fiks út. It besteande gebou oan de Rengersleane hat plak foar goed sântûzen studinten, mar de skoalle ferwachtet oer fjouwer jier njoggentûzen studinten te hawwen.

Dêrom komt der in nij gebou fan trijetûzen kante meter fan twa ferdjippingen. De groei komt foaral troch in tanimmend tal ynternasjonale studinten út Europa en Azië en in útwreiding fan it tal opliedingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)