Stenden wol pabo trijetalich

30 jan 2012 - 16:46

Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert wol syn pabo takom jier hielendal trijetalich meitsje. In groep studinten fan Stenden en NHL is ferline jier begûn mei in proef mei ûnderwiis yn it Ingelsk, Nederlânsk en Frysk. Dat foldocht sa goed dat Stenden Hegeskoalle it projekt útwreidzje wol.

Stenden is net benaud dat it trijetalich ûnderwiis studinten fan bûten de provinsje ôfskrikke sil. No moatte studinten ek al ferplicht Frysk folgje. Der binne hieltyd mear basisskoallen yn Fryslân dy't neist it Nederlânsk en Frysk ek Ingelsk oanbiede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)