Stenden prestearret goed mei ynternasjonale hbo-masters

18 mrt 2016 - 15:35

Twa ynternasjonale Masters fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert hearre by de bêste ynternasjonale hbo-opliedingen fan Nederlân. Dat docht bliken út de Keuzegids Masters 2016. It giet om de Masters Hospitality en Service Management en Toerisme en Vrije Tijd.

Studinten binne bot te sprekken oer de kwaliteit fan de opliedingen. En dat jildt ek foar saakkundigen dy't der koartlyn west ha om se te beoardielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)