Stenden hegeskoalle wurket gear mei Britske universiteit

29 okt 2015 - 10:58

Studinten Hotel en Toerisme oan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert kinne tenei in dûbele master degree helje. Stenden en de University of Derby yn Grut-Brittannië hawwe dêroer in gearwurkingsoerienkomst sletten. Studinten kinne har no wrâldwiid by Stenden ynskriuwe en binnen fjirtjin moannen ôfstudearje yn twa master degrees, in Nederlânske en in Britske.

By de oplieding heart ek in besite fan studinten fan Stenden oan Grut-Brittannië. De studinten kinne wurkûnderfining opdwaan yn it Stenden Hotel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)