Stellingwerfsk bernefolksliet

18 mrt 2014 - 16:59

Skoalbern yn de Stellingwerven moatte wer mear de lokale taal sprekke. Om dat te befoarderjen moatte se yn elts gefal it folksliet kenne. Dat fynt alteast de Stellingwarver Schrieversronte. Se ha it folksliet op cd setten sadat de bern der nei harkje kinne. Tiisdeitemiddei is dit presintearre op de doarpsskoalle fan De Blesse. By de cd sit ek in boekje mei ferhalen oer de regio. De Schrieversronte fynt it ek belangryk dat se mear witte oer it gebiet dêr't se wenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)