Stellingwarver biebel op komst

17 jun 2004 - 00:00

Piet Bult út Nijeberkeap is oan de gong mei it oersetten fan 'e bibel yn it Stellingwerfs. It bibelboek Genesis is al klear. In proefútjefte fan Genesis yn it Stellingwerfs sil op 26 juny oanbean wurde oan dûmny Klooster, dy't geregeld yn it Stellingwerfs preket.

Bult tinkt dat de folsleine 'biebel' yn 2010 klear wêze kin. Bult makket by it oersetten tankber gebrûk fan it fjouwerdielige Stellingwerver wurdboek fan Henk Bloemhoff.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)