Stellingwarfpop mei 9 bands

21 apr 2008 - 10:11
  • Parka, ien fan 9 dielnimmers oan Stellingwarfpop

Njoggen bands hawwe har opjûn foar de twadde edysje fan Stellingwarfpop yn Wolvegea. It doel fan it festival is om bands oan te moedigjen om mear yn it Stellingwerfs te sjongen. Der binne trije prizen beskikber foar de moaiste nije Stellingwerver ferskes.

De bands dy't meidogge binne Ex Aequo, Full Metal Jacket, Koala, Lost Minded, Non-Sense, Page Avenue, Parka, Solid en Roadhawks. It festival wurdt op 14 juny iepene troch Gien Gok, de winner fan Stellingwerfpop fan ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)