Stellerijen tehûs oplost

30 jan 2009 - 10:23

De plysje hat trettjin stellerijen yn in fersoargingshûs yn Wolvegea oplost. De lêste tsien moanne ferdwûnen geregeld lytse jildbedraggen út de beurzen fan bewenners. Dat barde hieltyd as de bewenners der net wiene.

De plysje die ûndersyk en hold in 29-jierrige meiwurkster fan it fersoargingshûs oan. Sy joech de trettjin stellerijen ta. Njoggen minsken hiene oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)