Stellerijen 'boatguod' oplost

14 apr 2011 - 11:20

Mei de oanhâlding fan trije manlju fan 19 en 29 jier út Hurdegaryp en Tytsjerk binne fjouwer ynbraken en fjouwer stellerijen oplost. Se kamen by de plysje yn byld nei fjochterij by in jongereinsintrum.

De 29-jierrige is foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Hy sit noch fêst. De eigners fan in stellen bûtenboardmotor út Haskerdiken, twa ankers fan boaten en in navigaasjesysteem út in auto yn Hurdegaryp moatte noch oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)