Stellerij yn plysjeburo Ljouwert

03 okt 2002 - 00:00

It plysjeburo oan de Holstmeerwei yn Ljouwert nimt maatregels tsjin stellerij. Dizze wike waarden twa brommers út de eigen garaazje stellen.

Ien fan de brommers wie fan Hessel van der Bij út Jirnsum. Syn brommer stie op it plysjeburo om't hy der in ûngemak mei hân hie. De plysje siket noch nei twa jonges dy't tiisdeitejûn let tsjûge wiene fan de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)