Stellerij yn Ljouwert

03 aug 2008 - 13:47

De plysje ûndersiket in ynbraak yn in hûs oan de Van der Wielenstrjitte yn Ljouwert. Yn de nacht nei sneon waarden 2 lap-tops, 2 mobile telefoans, in fyts en in fideorekorder meinommen. De auto fan in 36-jierrige Goutumer waard sneon op de Edisonstrjitte yn Ljouwert stellen. Letter waard de auto op de Fioringras weromfûn. De auto hie belutsen west by in oanriding. Sawat tagelyk waard der op it Raaigras in brune OPEL Kadett stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)