Stellerij yn Heech en Terkaple

09 des 2009 - 10:41

Yn Heech binne yn de nacht fan freed op sneon fan alve auto's de kentekenplaten stellen. Fan acht auto's waarden de platen fernield. In part fan de kentekenplaten is werom fûn. De auto's stiene op de Spinnekop, Helling, Wite Muonts, de Draei en It Eilân. De plysje siket tsjûgen.

Unbekenden hawwe ynbrutsen yn sân karavans op in kemping oan de Skutmakkerspôle by Terkaple. De klapruten fan de karavans wiene iepen brutsen. Der is hast neat stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)