Stellerij yn Feanwâlden

01 jun 2008 - 15:11

Yn Feanwâlden hat de plysje sneontemiddei fiif manlju oanhâlden dy´t in tas fol guod stelle woenen út in winkel oan ´e Haadstrjitte.

De manlju fan 24 oant 34 jier hiene in spesjale tas makke wêryn´t se ûnder oare lippestift en in toskboarstel yn meinimme koene sûnder dat it alarm ôfgean soe. De winkelman hie de trúk yn de gaten en belle de plysje. Dizze tinkt dat de manlju op dizze wize mear stellen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)