Stellerij út bûsen yn Snits

06 aug 2001 - 00:00

De plysje fan Snits hat dit wykein acht meldings fan bûsehifkjen (zakkenrollerij) krige. De stellerijen fûnen meast plak yn 'e lytse oerkes op plakken dêr't in soad minsken wiene.

De dieven hiene it benammen fersjoen op beurzen en mobile tillefoans. De plysje warskôget minsken om weardefol guod yn de binnenbûse te bewarjen. De Snitswike bringt in smite folk nei de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)