Stellerij troch smoes oer gaslek

08 mrt 2005 - 16:29

De plysje warskôget minsken foar dieven dy't har foardogge as meiwurkers fan enerzjybedriuw Essent. In man seit dat der in gaslek is. Bewenners moatte it weardefolle guod sammelje en it hûs út. As se de wenning ferlitte wolle, wurdt sein dat se it guod wol efkes stean litte kinne en dat de Essent-meiwurkers it wol meinimme.

In bewenster fan de Leeuwerikstrjitte yn Ljouwert is sa bestellen. Yn de Sweelinckstrjitte bleau it by in poging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)