Stellerij op ekopark De Wierde

25 jul 2011 - 10:58

Twa froulju fan It Hearrenfean binne ôfrûne wykein oanhâlden op Ekopark De Wierde omdat se kompjûterapparatuer stellen hiene. Meiwurkers fan it bedriuw wiene dêr freedtenacht oan it wurk doe't se op in monitor seagen dat de twa froulju oer in stek klommen en útnaaiden. Se giene der achteroan en fûnen de fertochten yn de sleatswâl.

Se hiene allerhande elektroanika meinaam, wêrûnder ek kompjûters. Dy hiene se út in sortearromte stellen. De plysje naam de twa mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)