Stellerij op bouplak

28 apr 2013 - 12:53

In 20-jierrige ynwenner fan Tsjummearum is sneontenacht yn Frjentsjer oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan stellerij. Surveillearjende plysjes op mountainbikes hearden dat mei geweld in tal boustekken iepene waarden. Op it bouplak oan de Vijverstraat seagen se dêr twa jonges. De plysje koe ien oanhâlde, de oare naaide út. De fertochte is foar ûndersyk meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)