Stellerij mei bedriging

19 jul 2012 - 10:28
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje ûndersiket de stellerij út in wenning oan de Gruttostrjitte op it Hearrenfean. Twa manlju kamen dêr sneintemiddei it hûs fan de 19-jierrige bewenster yn. Ien fan de twa treau har yn in hoeke, wylst de oare it hûs trochsocht. Hy naam dêrby jild, in ring en de sim-kaart út in mobile telefoan mei. Dêrnei naaiden de twa manlju út.

De plysje is no op syk nei harren. It giet om twa donkere manlju, klaaid yn donkere klean mei beide in opfallende groede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)