Stellerij grutte foto oplost

01 des 2011 - 09:45

De stellerij fan in grutte foto fan kij yn de mist is oplost. De dieders hawwe harren melden. By Parsburo Noordoost waard dit wykein de grutte print fan de priiswinnende kowefoto fan de gevel helle. Op bylden fan in bewakingskamera wie de stellerij te sjen. Alex J. de Haan fan it parseburo drige it filmke iepenbier te meitsjen, as de fandalen harren net melden.

Under dy druk melden harren twa jonges fan 17 en 18 jier út de doarpen om It Hearrenfean hinne. Mei tefolle drank op nei in jûn stappen hiene se de foto meinaam. Se hawwe spyt fan harren aksje. It parseburo sil de kosten fan de print, likernôch 1250 euro, op de jonges ferhelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)