Stellerij fan fytsen nimt ta

07 jun 2015 - 10:13
  • Fytsestalling

It tal fytsestellerijen is ferline jier tanaam fan hast 110.000 nei goed 113.000. Dat komt del op goed 300 stellen fytsen deis. Dat docht bliken út sifers dy't NU.nl fan de plysje krigen hat. It giet om stellerijen dy't meld binne by de plysje, it echte oantal leit nei alle gedachten noch folle heger.

Opfallend is, dat Flylân te krijen hat mei relatyf in flink oantal stellerijen fan fytsen, 17,1 op tûzen ynwenners. Allinnich Grins sit dêr krekt boppe. Yn Ljouwert giet it om 13,3 stellen fytsen op tûzen ynwenners, yn Smellingerlân 12,4.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)