Stellerij De Jouwer en It Fean

28 apr 2009 - 10:17

By in bedriuw oan de Slotermeer op De_Jouwer is it ôfrûne wykein ynbrutsen. Unbekenden hawwe it rollûk fan it bedriuw stikken makke en dêrnei alve bûtenboardmotors meinaam. De plysje docht ûndersyk nei de stellerij.

Ut twa parkearde frachtweinen oan it Kylblok op It Hearrenfean is ôfrûne wykein ark stellen. It giet om boarmasines, skuormasinses, in slyptol en in seachmasine. De plysje docht fierder ûndersyk nei de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)