Stellerij boaten ûndersocht

26 apr 2008 - 12:31

De plysje ûndersiket de stellerij út boaten dy't yn en om de Trekfeart yn Wommels lizze. Fan trije boaten is de bûtenboardmotor meinaam. Der ferdwûnen ek in radio-cd-spiler, in rubberboat en in aluminium fiskersboat.

Op in bouwterrein oan 'e Walperterwei yn Wommels hat ek stellerij west. Dieven brutsen dêr twa konteners iepen. Yn ien fan beide siet in soad ark, dat no fuort is. De plysje siket minsken dy't wat fertochts sjoen hawwe yn de nacht fan tongersdei op freed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)