Stellerij út Lemster winkel

24 jan 2012 - 11:28
  • Laptop

Moandei is út in winkel oan de Skâns op De Lemmer in laptop stellen. Op 'e neimiddei ferskynden in man en in frou yn de winkel dy't wat om har hinne seagen. Op in stuit ferdwûn de frou. De man kocht twa mokken en gie hastich de winkel út.

De meiwurker fûn dat frjemd en seach doe dat syn laptop dy't op de kofjetafel stien hie, stellen wie. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)