Stellen wurk Huisman fûn

22 des 2010 - 20:47

Trije skilderijen fan Jopie Huisman dy't 25 jier lyn stellen waarden binne mooglik wer boppe wetter. Soan Jacob Huisman hat telefoan krigen fan ien dy't seit dat er de skilderijen hat. De skilderijen ferdwûnen yn 1986 by in útstalling fan it wurk fan de ferneamde skilder yn Neunen (Brabân).

Jacob is al skoften op syk nei ûnbekend wurk fan syn heit en dat hat al goed 100 skilderijen út privee-kolleksjes opsmiten. Oft de stellen stikken werom komme is noch ûnwis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)