Stellen sloep weromfûn

12 jul 2011 - 10:25

In sloep dy't ein juny stellen waard by in ferhierbedriuw yn Langwar is wer fûn. De sloep wie stellen troch twa manlju út Ljouwert. Se hiene de sloep hierd, mar net werombrocht.

De plysje koe de dieven opspoare mei help fan kamerabylden, dêr't in boatetrailer mei de stellen sloep op te sjen wie. Freed waard ien fan de dieven oanhâlden, sneon de twadde en ek in man út Snits. Dy wurdt fertocht fan heling. De sloep lei yn de Verlengde Hoogeveensevaart by Geesbrug.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)