Stellen Slachtemonumint werom

18 feb 2005 - 05:53

It stellen Slachtemonumint is weromfûn. De plaat op de seedyk by Easterbierrum ferdwûn yn jannewaris fan dit jier. It monumint stie dêr sûnt de Slachtemaraton fan juny ferline jier.

It monumint waard fûn troch in taksysjauffeur. It lei by de dyk ûnder Wjelsryp. De plaat is bekladde mei rasistyske teksten. It like derop dat de dief de plaat weromfine litte woe, want hy stie rjochtop by de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)