Stellen rolstoelbus fan Neibertilla weromfûn yn Drachten

15 aug 2015 - 10:33

De plysje hat de stellen rolstoelbus fan ferpleechhûs Neibertilla yn Drachten weromfûn. Se seagen de bus freedtejûn riden op de Ikesingel yn Drachten. Op de Burmanialeane koenen se de 18-jierrige bestjoerder út Drachten letter oanhâlde op fertinking fan heling. Nei kontrôle die bliken dat de man ek gjin rydbewiis hie, hy is ynsletten foar ferhoar.

De bus is freedtemiddei stellen by Neibertilla, doe't de sjauffeur even te tanken wie. Doe't er weromkaam, wie it buske fuort. De bus stie wol op slot, de kaai siet der ek net yn.

Op kamerabylden wie de stellerij krekt net te sjen. De plande ritten koene mei help fan oare buskes mei wat ferskowings dochs útfierd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)