Stellen puppies werom

07 maaie 2004 - 00:00

De saak fan de stellen puppies is oplost. De dief hie de bisten dumpt by in freondin yn Pesse. Ofrûne snein waarden yn Drachten de alve pups en har mem stellen, nei alle gedachten troch in âld-eigner fan de hûn.

Eigner De Haan krige sels de gouden tip, fan in kunde fan him. Hy hat sels de bisten wer ophelle. De no twa wike jonge pups en de mem binne sûn en goed fersoarge. Tsjin de dief rint in opspoaringberjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)