Stellen fyts op Marktplaats

05 des 2009 - 14:06

De plysje hat ûndersyk dien nei in 51-jierrige ynwenner fan De Lemmer fanwege heling. De man waard oppakt op oanwizen fan in frou fan De Jouwer. Dy seach dat de Lemster op Marktplaats har stellen fyts te keap oanbea. De ynskeakele plysje fûn dêrop de fyts freedtejûn by de man thús.

De man ferklearre de fyts in dei earder foar inkele tsientallen euro's kocht te hawwen. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de man de fyts sûnder ferkearde bedoelings kocht hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)