Stellen bylden Grou wer teplak

18 aug 2001 - 00:00

De bylden út Grou en Akkrum dy't stellen wiene, binne wer terjochte. Sneontemoarn kamen de trije keunstkij en in byld fan in skoalbern boppe wetter op de merke fan Jirnsum.

In groep jongerein hie de bylden brûkt foar in ludyk protest by de optocht. Se wolle dêrmei oanjaan dat Jirnsum eftersteld wurdt troch Grou, it haadplak fan harren gemeente Boarnsterhim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)