Stellen bûtenboardmotors fûn

10 sep 2010 - 15:23

De plysje hat seis jongens oanholden foar it stellen fan in grut tal bûtenboardmotors. De plysje kaam de jonges yn de leeftyd fan 15 oant 20 jier op it spoar nei in tip. Dy late nei in seekontener yn Drylts. Dêr sieten tsien stellen motors yn en noch wat oar guod. De seis fertochten hawwe tajûn dat se de motors stellen hawwe.

It stellen fan bûtenboardmotors komt in soad foar yn de simmer. Sa gie it ek dizze simmer wer om inkele tsientallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)