Stellen bûtenboardmotor fûn

06 okt 2011 - 10:39

De plysje hat woansdei in 36-jierrige Drachtster oanhâlden nei in tip dat by him thús in stellen bûtenboardmotor lizze soe. De plysje gie op ûndersyk út en fûn de motor yn it hûs fan de man. Hy moast dêrnei mei nei it plysjeburo.

Op it buro ferklearre er dat er de motor kocht hie fan in 34-jierrige Ljouwerter. Dy is ek troch de plysje oppakt en fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)