Stellen boatkasko weromfûn

03 feb 2011 - 11:41

De plysje hat it kasko fan in boat weromfûn dat ferline simmer stellen is yn Tsjummearum. Neidat de eigner de stellerij melden hie, die de plysje in oprop foar tsjûgen. Dêr die út bliken dat in 24-jierrige ynwenner fan de gemeente Frjentsjerteradiel it kasko ferkocht hie, wylst er der gjin eigner fan wie.

De man moat no it jild fan de ferkeap werombetelje en der is in proses-ferbaal tsjin him opmakke. It kasko is troch de plysje yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)