Stellen bel werom yn Makkum

11 feb 2006 - 16:19

Boargemaster Piersma fan Wûnseradiel hat de stellen bel fan de âlde Makkumer Fiskôfslach sneon wer yn ûntfangst nommen. De bel ferdwûn ein ferline jier. De Stichting Makkumer Fiskerijdagen hat de bel no weromjoen.

Mei de ludike aksje wol de stichting omtinken freegje foar kulturele aktiviteiten. De stichting soe alle jierren graach 2500 euro subsydzje krije foar it organisearen fan kulturele aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)