Stellen auto yn wetter fûn

20 jul 2010 - 09:42

De plysje hat moandeitemoarn yn Ljouwert in stellen auto yn it wetter weromfûn. De auto wie stellen oan De Anjen en de plysje krige dêr in melding fan.

Underweis nei De Anjen kaam der in melding oer in auto dy't oan it Bilgaardenpaad yn it wetter lei. Dêr die bliken dat it om deselde auto gie as dy fan 'e melding. De plysje hat de auto yn beslach naam om him ûndersykje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)