Stellen auto yn de sleat

25 jun 2009 - 10:48
  • De stellen auto (foto: Gijsbert Zijlstra)

Plysje en brânwacht hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei om 'e nocht socht nei de bestjoerder fan in ferûngelokke auto yn Boarnwert. Plysjes troffen de auto oan yn 'e sleat. De bestjoerder siet der net mear yn.

Omdat de bestjoerder mooglik út de auto slingere wie, waarden de ambulânse en de brânwacht ynskeakele. Yn de omjouwing waard lykwols net ien fûn. De plysje hie yntusken de melding krigen dat de auto stellen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)