Stellen auto Wolvegea weromfûn yn Grins

30 mrt 2016 - 09:54

De plysje yn Grins hat tiisdeitenacht trije manlju oanhâlden, dy't earder op de jûn yn Wolvegea in BMW stellen hiene. It giet om 19-jierrige jonge fan It Hearrenfean, in 19-jierrige jonge út Stienwyk en in 21-jierrige man út Driebergen.

De manlju foelen op om't se op in parkearterrein by in restaurant oan de Sontwei weed smookten yn de auto. In plysjeman dy't dêr yn syn frije tiid siet te iten warskôge syn kollega's. Dy setten de auto op de Emmakade oan de kant. De trije ynsittenden binne oanhâlden en sitte noch fêst.

De stellen auto is foar fierder ûndersyk yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)