Stellen auto fûn yn Italië

11 okt 2010 - 12:53

In bysûndere demo-auto dy't in skoft lyn op De Lemmer stellen waard by in autohanneler is wer boppe wetter kaam yn Súd-Italië. De dief wie nei in proefrit op 1 septimber mei de auto útnaaid en is sûnt doe net wer sjoen.

Doe't de dief yn Italië kampearde op in fakânsjepark krigen de eigners fan it park yn 'e gaten dat der wat net klopte. En sa koe de Italiaanske plysje de man oppakke en de auto yn beslach nimme. De fertochte is troch in flater wer op frije fuotten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)