Stellen Audi dûkt op yn kanaal

07 maaie 2011 - 14:01

De plysje siket tsjûgen fan 'e stellerij fan in auto 3 wike lyn yn Ljouwert. Dieven ha de auto meinaam fan in parkearterrein by WTC-Expo oan de Heliconwei. Hy waard ôfrûne moandei weromfûn yn it Van Harinxmakanaal op de hichte fan de Lorentzkade.

Fan de auto wie net folle mear oer. Nei alle gedachten is er flak nei de stellerij yn it wetter riden. It dak is yndûkt, omdat der in boat oerhinne fearn wie. De skea foar de eigner is grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)