Stellen antyk by buorlju stald

24 feb 2005 - 14:52

Nei de gewelddiedige dea fan Libbe de Jong hat de fertochte antyk fan de Wolvegeaster by syn eigen buorlju stald. Dat hat de fertochte tajûn. Hy sei tsjin syn buorlju dat syn hûs yn de eksekúsje-ferkeap gie. Hy woe it spul net kwyt.

Nei de arrestaasje doarden de buorlju it antyk net langer te hâlden. Se brochten it nei de plysje. It is net bekend oft by oare minsken ek stellen guod ûnderbrocht is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)