Stel smoardronken oer strjitte

29 apr 2012 - 10:43

De plysje hat sneontemoarn betiid in echtpear fan 53 jier út Drylts oanholden. De frou soe in plysjeman slein hawwe, doe't har man oppakt waard. De man hie tefolle dronken en stie midden op strjitte te pisjen.

Doe't de plysje de man meinimme soe, begong syn frou te protestearjen. De frou hie ek fierstente folle dronken. It stel is oanholden. Nei ferhoar op it buro mochten de twa wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)